It Grutte Grynd, It Grutte Grynd fertelt jim in ferhaal
It hat in kop, it hat in sturt, mar amper in moraal
It eilan der 't spilet dat leit yn it Fryske waad
Der sitte frjemde fugels fan bysunder fabrikaat
Dy litte jim wat sjen fan us moderne maatskippij
Dy sjonge al in ieu net mear fan supengroattenbrij
It Grutte Grynd, it Grutte Grynd fertelt jim in ferhaal
It hat in kop, it hat in sturt, mar amper in moraal …..

Sa set kabaretselskip "Ratatette" utein yn har fiifde program. Fjouwer minsken dy't it deistich libben trochbrekke jowe harren bleat oan it each fan in tillevyzjekamera. Dit foar in priis fan 1 miljoen Euro.Sunder lukse sitte se al trije moanne fest en dat soarget fansels foar strideraasje, argewaasje, prakkesaasjes……, koartom, in junfoljend programma mei in soad ferdivedaasje.
De teksten binne fan Jouke van der Zee, Emiel Wedman, Doede Veeman en Ratatette. De spilers binne Jeltsje de Boer, Janke Singelsma, Bert Sinnema en Herman Peenstra, dy't ek de muzyk foar syn rekken nimt. De regy is yn hannen fan Marijke Geertsma.
Kontaktadres:
Alphons Veltman
Miniawier 2
9001 NA GROU
Tel. 0566-624470
ratatette@hetnet.nl

>www.ljocht.net >producties  
Ratatette , It Grutte Grynd