>www.ljocht.net >producties  
Griene Sjippe, Flits Flats

Einlings……..

Is it dan sa fier! Wy teater Kollektyf: “Griene Sjippe “, binne út ein setten mei ús nije programma “Flits Flats”! Alhoewol wy ek noch beskikber binne mei ús âlde programma: Bel en der ek mei fan doel binne om der ynearsten mei op in paad te gean, hawwe wy dochs besletten om út ein te setten mei de rippetysjes foar ús nije programma. En ik kin jimme sizze dat it tige nijsgjirrich is wêr’t wy op dit momint mei dwaande binne. Ferskate skriuwers hawwe foar ús yn’t spier west en binne noch dwaande om teksten op papier te setten .Ger Ottenhof, Foeke v. Bruggen, Bertus Klazinga, Hotze Karsten, Hans Brans en Teake Posseth hawwe prachtige sjongteksten en wjêrkenbere sketsen foar ús skreaun mei de noadige koartswyl , spanningen en ferdividaasje. Jan Schotanus en Wieke de Haan hawwe de oersettingen foar ús fersoarge. En dan binne wy fansels ek tige wiis mei ús nije oanwinsten Nynke Andree dy’t saksofoan spilet, mar ek yn besit is fan in prachtige sjongstim! Johan Hiemstra hat alle sjongteksten wer fersjoen fan prachtige muzyk. Ek Ronald de Jong sil syn talinten wer sjen litte yn it nije program. Alhoewol wy it noadige talint ek al fan him sjoen hawwe yn it âlde programmma: Bel. Mar, de âlde rotten yn it fak Thomas Bylsma , Eke Born en Tsjam Epema en Douwe Hoekstra kinne de earste teksten al wer út de holle en binne fol fjoer en entûsjat oer it nije programma. Meine Bylsma en Alle Mulder sille it ljocht en Lûd wer foar ús fersoarjen. Dus, wat dat betreft sit dat ek wol goed! De rezjy is wer yn hannen fan ûnderskeaune en ik sil der fersoarje, mei alle spiler(s) en meiwurkers, dat ein maart as de premiêre plak fynt fan “Flits Flats “ de fonken wer fan it toaniel spatte sille!

Wy hâlde jimmme op de hichte oangeande it nije programme : Flits Flats !


Mei in Freonlike groet,

Hotze Karsten

 

Teaterkollektyf "Griene Sjippe"

In jûn ferdivedaasje mei mime, muzyk en teater.

 

Boekings en ynljochtingen:

Hotze Karsten: 058-2501704
Tsjam Epema: 058-2552175

 

 

Hotze Tsjam Ronald Thomas Johan Alle Mulder Meine Bijlsma Nynke Douwe Eke Douwe