>www.ljocht.net >producties

In Snie

In toanielstik fan Willem Jan Otten

Spesjaal foar Halbertsma oerset yn it Frysk

troch Pyt en Tryntsje van der Zee

resinsje ut 'e Ljouwert Krante

Koarte ynhâld:

It stik 'In Snie' lit us in famylje sjen, dêr 't trije generaasjes byelkoar komme om de jierdei te fieren fan Panda, in man dy 't net prate kin en dy 't syn dagen slyt yn in stoel foar it rút yn 'e serre. Dizze man is de freon fan mefrou Quint. Hy is it slachtoffer fan in Dutsk konsintraasjekamp. Mefrou Quint en har bern hawwe in kamp yn Ynje oerlibbe.

Panda fungearret as de spil yn it ferhaal. Troch him besykje de personaazjes te begripen wêrom 't er nea oer it oarlochsferline praat is. It 'jierdeifeest' nimt in ûnferwachte kear as de oerspande (eks-)skoandochter ferskynt. Underwilens falt de snie: skjin, oersljochtsjend, suver, wyt.

'In Snie' spilet yn it jier 1979. Fjouwer oarlochsmisdiedigers, oanklage yn it Majdanek-proses, binne frijsprutsen troch de rjochtbank yn Düsseldorf. Men seit dat 80% fan de oarlochsmisdiedigers nea foar de rjochtbank ferskine sil yn de Bûnsrepublyk.

'In Snie' is in prachtich toanielstik mei humor en earnst. Boppedat is it in Fryske premiêre.

 

Persoanen:

Panda Ate Brinksma
Mefrou Quint Tine Broekens-Hiddema
Mia, har dochter Nanny Geerlings
Frederik, har soan Willem Scholte
     
Thomas, soan fan Mia Geert Teitsma
Jeanette, syn frou Joke Adema
     
Bibi, eks-frou fan Frederik Anneke Fierstra-Hondema
Jose, freondinne fan Frederik Janneke Joekema-Grijpma
Kaspar, soan fan Frederik Gerald Orsel
     
Ynstekster Rommy Boersma-Douwenga
Ljocht en lûd Frederik van Dijk
   Meine Bijlsma
Omballingen Ineke Adema
Dekor Gerrit Tuinenga
   Jan van der Weyde
   Hendrik van der Veen
   Hylke Felkers
Grime Metta Hoevenagel-de Jong
Rezjy Jitske Bouma-Dykstra