It Perron
Blijspul yn trije bedriuwen
fan
Froukje Annema
Beskriuwing:
Op it perron fan
in middelgrutte stêd hat Eelke in blommekiosk en Arjen in
kiosk mei lektuer en snobbersguod. Marie sit dêr tuskenyn as sûkerskjinne
toiletjuffer.
De manlju kinne net tagelyk troch deselde doar omdat Arjen yn it ferline
Eelke in minne streek levere hat. Eelke hat koartlyn syn frou ferlern en
hat wer oanhâld fûn by Ria, dêr't er och sa grien mei is.
Syn dochter frijt
mei Jelmer, de soan fan Arjen, ta grutte argewaaqsje fan de beide heiten.
Se besykje de jongelju útinoar te spyljen troch Jenny as 'au pair' nei
Ingelân te stjoeren, mar as dy ûnferwachts earder weromkomt begjint
it
earmelijen op'e nij. Hawar, mei help fan Marie komt alles op syn poatsjes
telâne oan 'e ein fan it stik.