Boerebunt en reade lampen

Beskriuwing is oernaam út de Frysk Toaniel Katalogus:

SLOTBOOM, Carl
Boerebûnt en reade lampen

BESKRIUWING

De hoerekast fan Dolly en Betty smyt te min jild op. Se
ferhiere it hierhûs oan in slûchslimme feint, Hindrik,
dy't syn nocht hat fan syn faam, Klaske, en syn
bemuoisike oansteande skoanmem. Dolly en Betty besykje
harren berop geheim te hâlden. Skoanmem hat it rillegau
troch dêr't sy fersile binne: dochter en skoansoan
witte fan neat. Om't de froulju harren foardogge as
fysioterapeuten -om't Hindrik syn faam en har mem net
moetsje moat- en om't klanten fan Dolly en Betty út en
troch ek noch yn it hûs omspane, jout dat in hiel soad
hilaryske sitewaasjes en petearen. Klaske en Hinderik
wurde it wer iens as it dúdlik is, wêrom't hy hjir
skûlplak socht hie.