Gefaarlike oergong

Besjoch hjir it kranteartikel ùt Weekblad Actief fan 04-02-2003

 
 

Beskriuwing is oernaam út de Frysk Toaniel Katalogus:

ANNEMA, Froukje
Gefaarlike oergong

BESKRIUWING

Afke hat lêst fan alle ûngeduerigens dy't de oergong
meibringe kin. Har man hat net folle each mear foar
har, mar wòl foar de sifers fan de beurs. Hy hat as
ôflieding foar har in boetyk kocht, dy't se mei nocht
(en mei in learlinge) driuwt. Boppe de boetyk wennet in
âldere feint, dy't krekt wer in nije freon oantúgd hat,
mar de learlinge, Trynke, fynt dat hy har better as
freondinne hawwe kin. Om't Trynke in Westereinske is,
kreaket it wol as se ôfwiisd wurdt. Afke fynt it
tanimmend stedsfandalisme dat ek by har taslacht
benearjend. By buorfrou Betty yn de croissantery wurdt
ynbrutsen en gâns fernield. Dit is reden foar Afke,
oantrune troch Trynke, om de oare nachts wacht te
hâlden. Trynke hat in hiel arsenaal oan middels ta
ferwar meinaam. As der dy nachts twa ynslûpers komme,
binne dy gau oermastere. It is net sok frjemd folk
docht bliken, want Afke har man hie foar it earst fan
syn libben in slipperke mei in djoere eskortdame op tou
set, en de boetyk as leafdesnêst keazen... allegearre
aksje fansels, mar: ein goed al goed!