>www.ljocht.net  
20-11-2004, AMOK

spilet yn it ramt fan de dei fan it bern it toanielstik:

“Gjin Ekskús”

sneon 20 novimber 2004
20.30 oere
“De Bidler” te Wergea

“Gjin Ekskús” is in tige oangripend stik oer Rene dy’t by in terapeut har ferline in plakje besiket te jaan. It spilet yn de terapyromte en mei saneamde “flash-backs” by har âlden, buorman en bûten.
It stik “Gjin Ekskús” is de Fryske oersetting fan “Verplicht Gluren”. Martine Rademaker hat dit stik skreaun fan út har eigen ûnderfinings mei bernemisbrûk.
It doel is dat dizze foarstelling simultaan spile wurdt yn meardere plakken yn Nederlân. It is in skreau om oandacht foar al dy bern dy’t op hokker wize dan ek misbrûkt wurde, ek no noch.
Nei de foarstelling sil der neier op it tema yngien wurde troch mefr. Rita Boonstoppel fan de GGD-Fryslan.

Teatergroep “Amok” is ûntstien foar dizze produksje.

De rezjy is yn hannen fan Mint de Hoop út Dronryp en de ploech komt rûnom út de provinsje.

Spilers: Klara Dam, Aafje Stolte, Douwe Hiemstra, Sietske Dullemond, Jelle Terwal, Botsje Kim, Andrea Kroes, Theo Boorsma, Tjebbe v/d Meer, Joukje Leeuwenkamp, Johan Leeuwenkamp, Karin de Vries Rezjy: Mint de Hoop Produksjeassistinsje: Lieke Beemsterboer Ljocht: Meine Bijlsma Lûd: Sjors Vogelzang Kleanadvys: Tineke Joustra

Plak: De Bidler, Wergea
Kaarten: Telefoanysk kaarten à € 7,50 bestelle op nr.: 058-2551877


Kontaktpersoan “Amok”: Aafje Stolte, tel. nr. 06-13912883 (nei 18.00 oere)

Nei 20 novimber is it doel om foarstellingen op lokaasje te fersoargjen.
De produksje is tige geskikt foar âlderjûnen op basisskoallen, temadagen yn it fuortset- en heger beropsûnderwiis, temadagen, symposia yn de sûnenssoarch ensfh. en duorret ûngefear in oere.
Ha jo of jo organisaasje hjir ynteresse foar dan kinne jo foar mear ynformaasje terjochte by A. Stolte 06-13912883 (nei 18.00 oere)
Wolle jo op 20 novimber komme te sjen dan advisearje wy mei klam yn ‘t foar kaarten te reservearjen op tel. nr. 058-2551877
Mocht it stoarm rinne dan is der kâns op ekstra foarstellings op snein 21 novimber.