Annie
M.G. Schmidt
Annie M.G. Schmidt (1911 - 1995) is benammen bekend wurden troch har berneboeken
(Jip en Janneke, Het beertje Pippeloentje) en troch it telefysjeprogramma
Ja zuster, nee zuster. Mar foar it teater hat sy ek hiel aardige dingen
skreaun, benammen musicals, mar ek in pear toanielstikken.
Deagewoan
trochgean (Er valt een traan op de tompoes)
In famyljedrama of swarte komedy mei as wichtichste tema's euthanasie
en jaloezy. Dat liket dreech út te pakken, mar troch de wize wêrop't
Schmidt de tema's behannellet wurdt it perfoarst net in swier stik. As
gjin oar kin sy drege saken mei humor sá ferpakke dat it foar de
taskôgers in hiel aardige toanieljûn wurde kin.
Toanielferiening
Halbertsma
De Wergeaster toanielferiening spilet al in oantal jierren yn de heechste
klasse fan it toanielbûn. Under lieding fan regisseur Froukje van
Houten binne mei grut súkses de ôfrûne jierren in oantal
Fryske premiêres spile (Op Hoop fan Segen fan Heijermans en In Famyljesaak
fan Alan Ayckbourn).
Ut spyljen
Toanielferiening Halbertsma wol graach mei it boppesteande stik út
spyljen. It stik giet yn Wergea yn premiêre op freed 24 novimber.
Yn de moannen dêrnei binne wy ree om it stik oeral yn Nederlân
te spyljen. |