Portret fan Pake
POSTHUMA, E.
Pake Harm is tydlik
by de bern: Wolter en Marta, om't er eins net mear allinne wêze kin. Hy
fersoarget en fertuteazget, binne se bang, as er noch langer op him sels sil
en it âldereinhús fersmyt er fier. Hy is in man dy't alles seit
wat him foar de mûle komt en dat is út en troch hiel wat: rûch
en primityf as er is - hy wol him net oanpasse oan it hâlden en dragen
sa't in boarger-húshâlding freget. Dat jout fansels oanienwei opskuor.
Yn dy snuorje komt der ek noch in muoike fan Marta in deimannich útfanhûs.
Muoike wol wer in man ha en hat skreaun op in advertinsje, dy't pake yn 'e krante
set hat. Under nûmer fansels. Boppedat komt Rommy, de dochter, ek noch
thús mei har freon dêr't se as studinte yn Grins mei libbet.
Ien en oar jout pake gâns argewaasje en it slagget him om muoike sa bot
lilk te meitsjen, dat in trouwerij fan dy twa sit der net yn. En as der dan
yn 't lestoan ek noch in telefoantsje komt fan in buorman mei it boadskip dat
de âld geit neat oars docht as mekkerjen - fan ûnwennigens, sa wurdt
it fansels útlein - dan hoecht er him net langer te betinken en set er
ôf.
(Beskriuwing is oernaam út
de Frysk Toaniel Katalogus)
Spylers:
Reina van der Meer | as: Martha de husfrou |
Piebe Dykstra | as: Wolter Durkstra, man fan Martha |
Bouwina van Dam | as: Sandra Breeuwsma, bourfrou |
Arend Talen | as: Pake, heit fan Wolter |
Marjon de Raadt | as: Rommy, dochter fan Wolter en Martha |
Hans Noordenbos | as: Leo, freon fan Rommy |
Rob van Wieren | as: Sikkema, bourman |
Lies van der Veen | as: Muoike Janke, muoike fan Martha |
Meiwurkers:
Spullieder: | Hindrik van der Veen |
Ynstekster: | Maaike Dijkstra |
Dekor: | Andy Dijkstra en Marjon de Raadt |
Grime en klean: | Jolanda Tuinenga en Baukje Hager |
Ljocht en lûd: | Meine Bijlsma |
Bestjoer: | Sandra de Cocq |
Baukje van der Meer | |
Bouwina van Dam |